Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Skilder yn it atelier

Keunst
PDF Print E-mail
fan Hubert Robert*

Image

Noch yn nachthimd wied er sitten gien
op ’t rântsje fan syn skildersstoel
fanwege waarme ynspiraasje
troch de frou sa kâld as stien
mei inkeld keunst as doel.

Eva spriek him út ‘e hichte oan
net mei de waarmte fan it hert,
mar koel en stiif út argewaasje
oer de janboel, gjin fertoan,
alhiel nei keunstners wet.

Adam glimke om it stil trelit
en joech syn hiele wêzen bleat:
‘Wy manlju strielje út in graasje
yn de janboel lykas dit,
genietsje foar’t it keart.’

Oan de muorre hong er wiken skean,
de skets fan him dy’t moannen sit
ferdjippe yn syn meditaasje:
‘Alles moat yn lykwicht stean,
dy keunst is in besit.’

* Hubert Robert (1733-1808)
skildere, beynfloede troch
syn alvejierrich ferbliuw
yn Rome, foaral lânskippen
mei Romeinske gebouwen.
Hy wie nei de Frânske revolúsje
de earste direkteur fan
it Louvre.

admin

Wiis mei syn jiske

Keunst
PDF Print E-mail
fan Nicolas Poussin*

Image

Op knibbels leit sy foar it griis
fan jiske fan har leave man,
ferstruid op ’t bûten fan Megara,
troch Atene deadlik yn de ban,
foar har is ’t barren noch in griis.

De rom fan Phocion wie grut,
syn wiisheid spriek de minsken oan,
mar dy waard yn de steat net sparre:
deadlik wie de fal fan toan en troan,
mar stoisynsk bleau noch syn wurd.

Gjin steapel kaam der foar de brân,
want jiske makke ’t libben grau,
dus fan Atene nei Megara
reizge rouwend Phocion syn frou,
wiis mei ’t ferstruide yn de hân.

* Nicolas Poussin (1594-1665)
liet as skilder de Grykske
en Romeinske kultuer sprekke.
Yn dy wrâlden socht hy idealen
om te ferbyldzjen.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum