Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tiber betwongen

Keunst
PDF Print E-mail
fan Gaspar van Wittel*

Image

Rome, stêd fan it klassike heidendom,
dêr’t liuwen fromme lju ferskuorden,
fier klinkt noch dyn keizerlike rom,
mar letter waardst de kristenstêd,
bedimjend al wat oan dy skodde.

Tiber, stream fan rêst, mar as de stjalprein slacht
de stêd en giselet oer de weagen,
litsto jilde keizerlike macht
en brûst dyn wetter bûten ’t bêd,
de boargers skuorre grutte eagen.

Gaspar, skilder dy’t as tekener begûn
mei sketsen om de stream te twingen
yn it nije bêd oan boargers bûn,
dat nea it wetter brûst wer rêd
om Rome op ien ein te bringen.

* Gaspar van Wittel (1653-1736)
waard berne yn Amersfoort.
Hy ferhuze yn 1675 nei Rome,
dêr’t er earst tekeningen makke
foar de kanalisaasje fan de Tiber.
Letter wurke er dy út ta skilderijen. 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum