Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Leech

Keunst
PDF Print E-mail
fan Marc Chagall*

Image

Sy stie mei beide fuotten op ‘e grûn
en wist wat sy ferwachtsje mocht,
de heale himel kleure ljocht,
de geit hie ryklik molke jûn.

Hy hie ’t gesicht keard nei de reade loft
en seach de fûgels yn de flecht,
hy wist ’t wie wier, it barde echt
mei folle moanne, noch in skoft.

Sy fielde ’t, mar it woe har noch net oan,
’t wie dûbel, yn en bûten har,
sy wist it wol, der wie gjin kar,
’t gefoel fan hjoed, dat barde moarn.

De moanne groeide net, mar bleau in skyl,
wa’t bûten kaam, wie read as bloed,
dat dripte op ‘e linkerfoet,
sy rekke leech, neat waard har diel.

* Marc Chagall (1887-1985)
waard as Mosje Segal berne
yn it hjoeddeistige Wyt-Ruslân.
Hy is bekend wurden troch
syn skilderijen, mozaiken,
glês-yn-lead finsters, keramyk
en muorrekleden.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum