Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De klap op ‘e rots

Keunst
PDF Print E-mail
fan Joep Nicolas*

Image

It ljocht spat troch de kleuren
lykas flitsen út ‘e himel wei,
it is hjoed ljochtskyndei,
mar tsjuster klinkt it seuren:

‘Wy ha al dagen smachte,
sjoch ús bern, sy ha gjin krêften mear,
wêr bliuwt Jahweh, ús Hear,
hoe lang ha wy al wachte?’

Sjoch him dêr heech oprizen,
Mozes dy’t har liedt troch waar en wyn,
sjocht hjoed gjin gat deryn,
de stêf sil it him wize:

‘Ik wiisde jim de paden,
sliet oan flymskerp sân en hurde stien,
dat seach lykwols gjinien,
ik slaan dit fan jim gading.’

Sjoch hoe’t de rots it rinne
lit, in wetterstream yn trijefâld
jout krêft oan jong en âld,
mar Mozes stiet allinne.

Want spat Jahweh syn grime
net yn flitsen út ‘e himel wei?
De klap op dizze dei
is net op kleur te rimen.

Image

* Joep Nicolas (1897-?)
ferlike in glês-yn-lead finster
mei muzyk: in symfony fan kleuren,
ek as men net nei de ôfbylding sjocht.
Dit finster is yn de Alde Tsjerke te Delft.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum