Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De slachte okse

Keunst
PDF Print E-mail
fan Chaïm Soutine*
fan Rembrandt**

Image

Hy hinget oan de achterpoaten,
bloedread tsjin it kâlde blau,
de terms noch tusken ’t fleis,
de dea hat west, de romp is rau,
syn libbensein wie kloaten.

Sa wie Parys, dêr’t hy doe wenne,
as in blom, mar read fan bloed
dat lekte út it fleis;
hy hie in splinter yn de foet:
as Joad yn ’t easten berne.

Mar ieuwen earder moast sy wenne
oan it offer fan de slacht.

De skreau koe men fan fierren hearre,
aaklik lûd troch yl en sward;
no stiet se dêr te sjen
nei ’t fleis, want it is bard,
mar om no sa te stjerren…

Image

* Chaïm Soutine (1894-1943),
berne yn Litouwen en fan joadsk komôf,
hie yn Parys sukses, mar dochs in tryst libben.

* Rembrandt (1606-1669)
skildere de slachte okse ek as byld:
it bist en de minske as slachtoffer.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum