Willem Tjerkstra’s thússide
admin

It skot

Keunst
PDF Print E-mail
fan René Magritte*

Image

De wei fan sjen nei it ferstân
rint breed en flak troch heit syn lân,
it rôlet rap derhinne;
it paad fan mem hat mannich bocht,
is smeller as men earder tocht,
mar ’t is wol te berinnen.

De wei rint by de gevel lâns,
sa hurd as stien en mei de kâns
fan sicht op rinkelbellen,
in lûd dat skel de stilte brekt,
wjerkeatst op planken, like krekt
bemetten as modellen.

As ynienen klinke ‘fjoer’, it skot,
dan falt de gevel, rûzet wat…

It paad rint tusken beammen troch,
yn blêd, de fruchten komme noch,
de bern yn leafde berne;
de wolken driuwe op ‘e stream
fan soele wyn en memmedream,
sa’n paad kin men net kenne.

* René Magritte (1898-1967),
berne yn Wallonië,
wenne en wurke yn Brussel,
dêr’t er him talei op
surrealistyske skilderijen.
Skilderij ‘Op ‘e drompel fan de frijheid’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum