Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ingel mei heakbuks

Keunst
PDF Print E-mail
fan ien út ‘e rûnte om de master fan Calamarca hinne*

Image

Ik bin in ingel fan de Hear,
al sjocht men dat net oan myn klean,
dy’t ik sels keazen ha
om net foar joker straks te stean
yn Súd-Amearika.

Ik ha in opdracht fan de Hear
om alle Inka’s by te stean
dy’t swierrichheden ha:
Spanjoalen dy’t oer liken gean
yn Súd-Amearika.

Ik kriich in heakbuks fan de Hear,
in wapen heaks op Spanjes striid
dy’t rûn op rôvjen ta,
sa gean ik sjittend troch de tiid
yn Súd-Amearika.

Ik wie in ingel fan de Hear,
dochs seach ien my foar Inka oan
en woe myn wjukken ha,
fan ingel waard ik minskesoan
yn Súd-Amearika.

* Dit skilderij is in foarbyld fan de keunst
fan de Boliviaanske yndianen en keunst
út ‘e Andes.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum