Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Maskers

Keunst
PDF Print E-mail
fan Pietro Longhi*

Image

Fenetië, stêd mei wetter nei de wrâld,
de bloeitiid is foargoed foarby,
de tiid fan skippen oeral hinne;
de fûneminten binne âld,
derboppe wurdt net boud foar nij,
de rike sil der nea oan wenne.

Fenetië, republyk mei minder macht,
hoewol’t Vivaldi klinkt rûnom
en feesten ’t fan de earmoed winne;
it masker is foar dei en nacht,
dat nimmen sjocht fergiene rom
of grauwe wolken foar de sinne.

Fenetië, hearen, dames fan it jild,
dat spilet noch in grutte rol,
om’t sy net sûnder gokken kinne
en witte hoe’t it masker fielt:
in ûnbekende hâldt it fol
en kin yn bloei oer strjitte rinne.

* Pietro Longhi (1702-1785)
hat op lyts formaat in protte sênes
út it libben fan Fenetië útbylde.
Skilderij ‘Il Ridotto’ (‘De Spylseal’).

admin

Dordrecht yn twafâld

Keunst
PDF Print E-mail
fan Albert Cuyp*

Image

Yn it lege gea fan de rivieren
lei de stêd dy’t heech fan bou en mêst
yn bloei stie fan de keapmansgeast;
de skippen leine oan de kaden fêst
om mear as inkeld dak en loft te sieren.

Nei in julydei fan hjitte oeren
drige boppe toer en mêst in bui
mei tongerkoppen yn de geast
fan klappen foar de lju dy’t altyd lui
as skippen sûnder wyn de Maas befoeren.

Flitsend skeat it fjoer troch grauwe wolken,
wylst de twirren swypken ’t wetter op;
gjin noed, want hearske net de geast
fan skoaten oan en ’t brûsskom foar de kop
yn stoere koppen dy’t it skip befolken?

Image

* Albert Cuyp (1620-1691)
wenne syn hiele libben yn Dordrecht.
Syn keunst sprekt fan leafde foar syn stêd,
dêr’t er sels de swiete fruchten fan plôke.
Skilderijen:
‘Gesicht op Dordrecht’
‘De Maas by Dordrecht by stoarmwaar’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum