Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Vergilius lêst foar

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jean Auguste Dominique Ingres*

Image

Vergilius, do dichter oer ’t ferline,
bliuwst út byld wylsto dyn ferzen lêst
foar ’t hege selskip, mei gefoel
litsto har oan de deade bine.

Marcellus, jong hasto de eagen sletten,
komst as deade net yn ’t libben foar
fan ’t hege selskip, ’t hat wol doel
om dy yn ferzen del te setten.

Octavia, wat kinst as mem noch sizze,
watsto heard hast, slacht net op in oar,
dyn siken stûken, ’t hert sloech oer,
koest oars net dwaan as dan mar lizze.

Augustus, keizer fan grut Pax Romana,
hein dyn suster, hâld har stevich fêst,
it libben hat yn ’t fers gjin doer
en soarget sels soms foar in drama.

Do Livia, strak fan mûle, kâld fan eagen,
keizers frou, wat sein wurdt, is net bêst,
hasto fermongen drank mei gif,
nee, net yn ’t fers… of is ’t in leagen?

* Jean Auguste Dominique Ingres (1780-1867)
hearde as skilder ta de streaming fan it neo-klassisisme.
Hy waard ferneamd troch syn portretten,
mar joech de foarkar oan histoarjestikken.

admin

Los Desastres de la Guerra

Keunst
PDF Print E-mail
fan Francisco José Goya y Lucientes*

Wat hat de oarloch tsjin Napoleon
oan wrede rampen Spanje brocht?
’t Untbriek oan fjoer fan it kanon,
it wie de bleate hân dy’t focht.

Image

De nekke knapt, de earmen slop,
it hinget oan in koppe beam,
hy hinget mei foarút it krop
nei ’t hysjen, ien foar ien, yn stream.

Image

Ferburgen ûnder ’t skuorde kleed
hat sy by kleden lâns lang socht,
by elke stap noch grutter leed,
it paad is lang, mar lang net rjocht.

Image

De skouders bleat, yn wite jurk
bliuwt inkeld Augustina oer,
op liken docht sy no har wurk,
yn bleate hân ’t kanonnefjoer.

Image

De hannen bûn mei noch it krús
bliuwt hy om Kristus’ wil de tolk
fan alle lijers sûnder thús,
de stappen fan ’t fersleine folk.

* Francisco José Goya y Lucientes (1742-1828)
wie 62 jier doe’t de oarloch tsjin Napoleon útbriek.
Hy makke dêr in searje fan tachtich etsen fan.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum