Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Spannende stilte

Keunst
PDF Print E-mail
fan Aelbert Cuyp*

Image

De gouden gloede fan de middei
strykt oer ’t wetter dat him deljûn hat
foar einen yn siësta,
want de nachten binnen simmers koart
en boeren hawwe lang al siedde.

Sy meitsje yn it skaad fan beammen
harren praatsje mei de geande man
oer ’t lome waar en fee, sa
giet it libben sûnder doel en plan,
o ja, om ’t wiif mar net te neammen.

Dy hat de bek yn beide hannen,
soms om op te sjitten, sa is ’t al,
mar net yn de siësta…
dochs in skot, panyk troch reek en knal,
de jager hat syn doel en plannen.

* Aelbert Cuyp (1620-1691)
wie in foarname boarger yn Dordrecht.
Sadwaande krige er as skilder opdrachten.
Skilderij ‘Rivierlânskip mei ruters en boeren’
 

admin

Auvers en Dronryp

Keunst
PDF Print E-mail
fan Camille Pissarro*
fan Ids Wiersma**

Image

Auvers, in doarp mei wite wenten,
plat, rûch smiten tsjin de hichte oan,
gjin plak foar heechmoed op ‘e troan
en ’t razen fan ferdoarne finten.

De himel sprekt fan wolk en sinne,
’t spul fan ljocht dat nei de delte rint,
dêr’t stilte it fan stappen wint
fan froulju dy’t soks hearre kinne.

Sa’t ingels boppe ’t lânskip sweve,
binne sy de lichte trêden wend.

Image

Dronryp, it doarp yn ’t grien ferskûle,
lytse blokjes, readich as kontrast,
gjin plak foar ’t wenjen fan in foarst
of keardels mei in skerpe mûle.

It loftblau brekt de skiere walen,
struit it ljocht op ikker, skeaf en toer,
it rûzet hjoed it nôtfjild oer
dat froulju gean foar mânske halen.

Sa’t ingels bûgje foar it hege,
dogge sy dat foar de heareboer.

* Camille Pissarro (1831-1903), in Frânske skilder,
beynfloede jongere ympresjonistyske skilders.

** Ids Wiersma (1878-1965), in Fryske skilder,
joech it lânskip en boerelibben fan syn tiid wer.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum