Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Rispsters

Keunst
PDF Print E-mail
fan Charles Daubigny*

Image

Wêr binne se, de rispsters,
dy’t moarns ier al nei de ikker gean,
de holle swier noch fan it sliepen,
ûnopfallend yn de lânwurkklean
bewege sy yn ’t lege.

Want boppe har is ’t hege
fan de wolken, brommend as in bear,
de kop noch swier fan ’t lange sliepen,
lykwols wol fol faasje yn de wear
sa tusken skaad en sinne.

Sjedêr wêr’t sy no binne,
rispsters, bodzjend tusken dyk en kym,
breed lizze tal fan ikkers iepen,
foar de keunstner skeppingsdei op rym,
foar harren skaad en sinne.

* Charles Daubigny (1817-1878)
waard berne yn Parys,
mar fielde him as keunstner
mear thús yn it wide lânskip.
As lânskipskilder wurke hy yn de natuer.
Hy wie in foarrinder fan it ympresjonisme.

admin

As god en slaaf

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jean-Francois Millet*

Image

Dêr rint er by de heuvel del,
de siedder mei syn oersterk stal
en stappen as fan Goliat,
syn swaai is as mei ’t swurd sa fel,
gjin kerrel sjocht er yn syn fal,
mei wurgens slacht er hjoed de spot,
omdat er foar de siesek hat,
heroysk sieddet hy as god.

Dêr sit er útteld op ‘e grûn,
de wyngerdwurker tusken ’t grien
fan wêr’t noch net in drúf oan sit,
syn bodzjen is oan modder bûn
mei hjir en dêr in grouwe stien
dy’t mei syn seare fuotten spot,
noch efkes lins, dan brûst it swit
wer, want dat is syn slavelot.

Image

* Jean-Francois Millet (1814-1875)
wie in boeresoan út Normandië.
Nei’t er earst histoaryske foarstellings
en portretten skildere hie,
lei er him letter ta op it skilderjen
fan it boerelibben.
Skilderij ‘De siedder’
Pastel ‘Rêstende wyngerdwurker’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum