Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Clown

Keunst
PDF Print E-mail
fan Pierre Auguste Renoir*

Image

Dêr stiet er tusken laits en earnst
nei’t grappe- en fioelewurk,
syn spul,
en wachtet op ’t applaus út wenst,
sil daliks bûge, fynt it flauwe kul.

Syn broer, bespiler fan de fluit,
hie foar de jûn gjin azem mear,
har spul,
dêr’t hy, solist, raar guod op spuit,
hy bûcht no djip, betanket foar de ear.

Dyselde jûn, al let, sit hy
te spyljen Bach nei Bach, syn spul
as earnst,
hy fielt him as de flinters frij,
dat fan syn broer is inkeld flauwe kul.

* Pierre Auguste Renoir (1814-1919)
makke dit ‘libbensgrutte’, realistyske
skilderij (193,5 x 130 cm.) yn 1868,
doe’t al ympresjonistyske skilders
aktyf wiene.

admin

Stienbakkerij

Keunst
PDF Print E-mail
fan Alfred Sisley*

Image

It fjoer is dôve, ’t wurk leit stil,
want hjoed lûkt oer it gea de snein
de wale fan de rêst;
gjin stien wurdt nêst de oare lein,
de klaai foldocht net oan de wil
fan foarm en fjoer.

De sinne brânt troch ’t wolketek
en bakt de ierde hurd as stien
op snein, gjin dei fan rêst;
syn ljocht wjerkeatst op read en grien
en kleuret mannich giele flek
de heuvel oer.

En sjoch hoe’t ek it blau begjint
te dûnsjen op ‘e hurde flier,
foar elke stap hâldfêst:
de heit en dochter yn de sier
fan ’t sneinske ljocht dat rimpen rint
as diggelfjoer.

* Alfred Sisley (1839-1899),
in Frânske skilder fan Ingelsk komôf,
wurke yn ‘it folle ljocht’ fan it lânskip
yn de omkriten fan Parys.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum