Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De oerstek

Keunst
PDF Print E-mail
fan Claude Monet*

Image

As beammen klomsk de earms opstekke,
’t grau fan wolken slút de himel ôf,
it stek komt amper noch by it gebou,
dan bûcht de kraach stiif om de nekke.

De stoom kin it net waarmer krije
as de reizgers skowe oer ’t perron,
wylst harren stap en mûle bliuwe stom,
de earen ’t skrille fluitsjen mije.

En as se klomjend binnen binne,
is de hoop it spoar lûkt nei de sinne.

Sjedêr hoe’t ljochte wolken brekke,
beammen stekke tûken rynsk yn blêd,
it lije wetter rint mei lichte trêd,
it wachtsjen is om oer te stekken.

En fluitsjend rydt it spoar oer ’t wetter,
want de hoop kaam út, it waar waard better.

Image

* Claude Monet (1840-1926)
wie ien fan de grutste ympresjonistyske skilders.
Skilderij ‘De trein yn de snie’
Skilderij ‘De spoarbrêge fan Argenteuil’

< Foarige Oare >

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum