september 24, 2020
fan Giovanni Boldini*
Dêr sit se, wol mei dynamyk
as waard se sa lansearre
nei har eigen universum
mei withoefolle stjerren,
oan har eigen stân gelyk.
Se hâldt fan beide, man en frou,
’t hielal mei alle stjerren
fljocht sy samar yn it rûn,
wa soe har flecht bedjerre?
Gjin raket bringt har yn ’t nau.
Loaihoarsen giet sy mei op stap,
stiet foar dy bisten iepen
as wiene sy de man en frou
om tuskenyn te sliepen…
erotyk, foar har gjin grap.
* Giovanni Boldini (1842-1931)
Skilderij ‘Portret fan Marchesa Casati’
september 17, 2020
fan James Ensor*
As ’t libben fluch ferrint,
net troch de tiid, mar foar ’t gefoel,
dan sjocht men yn de spegel
dat de geast him net fersint.
De frou wol ’t sa net ha,
de holle fol mei teareboel,
mei ’t âlder wurden regel,
’t giet sa op it lêste ta.
De geast komt yn ferset,
foar ’t lêste stelt er him in doel:
maskearje al dy tearen,
’t is foar kreazens net te let.
Se komme foar it ljocht
yn kleur, fan waarm nei justjes koel,
sa komt sy foar de hearen,
maskerade is har nocht.
* James Ensor (1860-1949)
Skilderij ‘Alde frou mei maskers’