februari 11, 2021

fan Henry Raeburn*
As lid fan iisklub Edinburgh
woe hy net achterbliuwe,
om’t er lang al foargie foar de Hear,
dy’t iisnocht nea belibbe hie,
Hy wie foar oaren yn de wear.
Mar dûmny Walker, net oars wend
as rinne, woe hjoed ride,
skiednis skriuwe op Loch Duddingston,
om’t hy no ienkear preker wie,
wat trochgie yn dat gea foar stunt.
De redens skrasten oer it iis
as wiene ’t swarte krieën
yn deselde trant as preker Krie,
dy’t wankel op ’e redens stie,
mar die as hy te pakken hie…
… de slach, alhiel oan ’t riden wend…
wa’t foargie, bleau net achter
op ’e flakte fan Loch Duddingston.
* Henry Raeburn (1756-1823)
Skilderij ‘Dûmny Walker op redens’
februari 4, 2021

fan Albrecht Dürer*
Hjir lit ik jimme sjen
dat de eagen rjochte binne
op ’e fierte en nei binnen
tagelyk, sa’t ik no kin.
Doe moast ik as in bern
harkje, muorren om my hinne
hawwe ’t útsicht lang benommen,
no lit ik my dûbel sjen.
Nei bûten sjoch ik fier
om in yndruk op te heinen
fan de wrâld, want alle fromme
praatsjes lizze my te swier…
… yn ’t inerlik, dat rom
wêze moat foar wat fan bûten
komt, dus lit gjin yndruk rinne,
hâld him fêst, kear jim dan om…
… en sjoch my oan, ik lit
dúdlik sjen wat jim ek kinne.
* Albrecht Dürer (1471-1528)
Skilderij ‘Selsportret’