maart 11, 2021

fan Francisco José de Goya*
Ik rin taastend troch it gea,
kin gjin hân foar eagen sjen,
twa maten ha ik by de hân:
in jonkje dat my fierder bringt
en ek noch myn gitaar,
ik sjoch har as myn eigen bern.
Bang bin ’k net foar it publyk,
want ik kin gjin minske sjen,
dus spylje ik foar ’t faderlân
yn memmetaal mei eigen stim,
ik reitsje oan de snaar
fan ’t hert en meitsje fan nei fan.
Hoeder bin ik yn dit gea,
fiel my sûnder minsken frij
mei ’t each op inkeld strúk en skiep,
dus spylje ik foar dit publyk,
al klinkt it falsk en raar,
sa tuskentroch op myn skalmei.
* Francisco José de Goya (1746-1828)
Skilderij ‘De bline gitaarspiler’
Skilderij ‘Hoeder dy’t op syn skalmei spilet’

maart 4, 2021

fan Vincent van Gogh*
Sy hat it wurd, it heechste,
mei de stipe fan de frije hân,
de oare hâldt him by de mouwe,
ek as stipe, want de grûn is hurd
en ûnegaal… sy ha in hechte bân.
Hy is net mear sa linich,
hat de eagen rjochte op ’e grûn,
omdat de frou yn him fertrouwen
hat, sa hâldt er beide wol oerein,
genietsjend fan de wûndermoaie jûn.
De beammen mei oliven
rûzje ’t wolkom, biede oan de frucht,
gjin slang krûpt oer de kromme tûken
as nei Eva yn it paradys…
troch ’t drokke praat ûntsnapt har soms in sucht.
Al is it mar in skyltsje,
foar de moanne jout it strieljend ljocht,
romantysk oant de fierste hoeken…
sy is stil, it lêste is krekt sein:
‘Hasto hjoed alris oan ús troudei tocht?’
* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘Kuierjend pear by moanneljocht’