april 1, 2021

fan Juan Gris*
Sjoch no wat ik hjir doch
mei tafel, boek en krante,
se steane skean of foar in part,
sa’t ik it foar mysels besjoch,
men kin it skôgje fan mear kanten.
Sjoch do it fan dyn kant,
dan kinst der mear fan meitsje
as ik der hjir fan makke ha;
dyn fantasy moatst brûke, want
dan silst it hert fan minsken reitsje.
Doch do wat yn de skaal,
yn ’t glês kinst ek wat jitte,
dyn eigen foarkar foar myn part,
dan skriuwst yn ’t boek in blau ferhaal
en wolst wat út ’e krante witte…
… jou sels oan wat noch wearde hat.
* Juan Gris (1887-1927)
Skilderij ‘Fruitskaal, boek en krante’
maart 25, 2021

fan Oskar Kokoschka*
De Nazi’s ha my op ien ein,
de ein fan myn bestean yn kleur,
har tinken oer ekspresje
lit gjin romte foar wat oars,
sjoch hjir… ik bin noch net ferslein.
’k Bin troch barbaren op ien ein,
wat is te sjen oan myn gesicht,
de grime as ekspresje:
eachopslach en iepen noas…
dêrmei is noch net alles sein.
Foar my is dit noch net de ein,
ik fiel it as myn djoere plicht
te striden foar ekspresje
út ’e djipte fan de geast,
dy ha ik yn myn kleuren lein.
* Oskar Kokoschka (1886-1980)
Skilderij ‘Portret fan in ‘ûntaarde keunstner’’