april 15, 2021

fan Paul Gauguin*
Sy wol yn ’t neaken wol posearje,
lit sy witte yn syn dream,
dy’t him werombringt nei de tropen,
lang syn ierdske paradys
mei withoefolle palmen,
mar sûnder noch dy iene beam.
Wa kin dy lytse beam negearje
as dy opsjit yn in dream,
gjin hâlden oan foar al dy palmen,
rûzjend dat hy is net wiis
om froulju yn te palmjen
dy’t each ha foar in slangebeam.
It skilderij kin net mislearje,
om’t de dream it him ynjoech
hoe’t hy de frucht kriich yn de tropen
fan de froulju, altyd priis!
Om’t sy hjir altyd talmje,
fynt hy syn heil faak yn de kroech.
* Paul Gauguin (1848-1903)
Skilderij ‘Eksoatyske Eva’
april 8, 2021

fan Vincent van Gogh*
Vincent Willem…
noch mar krekt de eagen iepen,
omke sizze kin er net,
ik sis syn namme kear op kear
en sprek mysels dêrmei ek oan,
in ienheid en in pear.
Vincent Willem…
wylst it jonkje leit te sliepen,
pak ik ferve en palet
en meitsje my mentaal ek klear,
hy krijt fan my in blommekroan
as ienheid, mar ek mear.
Vincent Willem…
omke brekt de blommen iepen,
want oars is it faaks te let
of te betiid, ik wit net mear
fan tiid en plak, fan hjoed en moarn…
dit skilderij is klear…
… foar dy fan my,
omke hat him net fersliepen.
* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘Tûken fan in bloeiende amandelbeam’