Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Beferzen bylden

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hjoed fiert de Kolk my nei ’t ferline
dêr’t twa skippen lizze yn it iis,
beferzen bylden dy’t my bine
oan it jonkje dat ik wie.

Ik kaam op ’t skûtsje mei fakânsje,
’t libben like fleurich, wat healwiis
om jong te wêzen mei garânsje
fan it soantsje dat ik wie.

Oer ’t iis seach ik de wetterpoarte
troch it blommerútsje fan de roef
dêr’t ik mei ’t azemgatsje boarte
as it bern dat ik noch wie.

Ik kriich fan mem de bôlekoarsten,
goaide heech en fier as wie ’t in proef,
seach hoe’t de miuwen komme doarsten
by it jonkje dat ik wie.

Mem gie de jûns mei my nei foaren,
joech in nachttút yn de kâlde durk,
ik seach op ’t izer wetterspoaren
as de dreamer dy’t ik wie.

Heit stie de moarns it waar te skôgjen,
’t duorre him te lang, hy woe oan ’t wurk,
ik skrok, koe net sa goed mear kôgje
as syn soantsje dat ik wie.

De Kolk waard hielendal wer wetter,
’t libben oars, se woene my doe wiis
ha, dat wie foar it wennen better
foar de jonge dy’t ik wie.

Hjoed rin ik troch de wetterpoarte
dêr’t twa skippen lizze yn it iis,
fersierde triedden dy’t my hoarte
by it bern wei dat ik wie.

Image

admin

Ballade fan de Eastereiner graal

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Dêr’t rûzen yn in fier ferline
weagen en ferhalen tagelyk,
de Middelsee rûn op ‘e dyk
fan ’t poldereilân, stiif fan klaai,
dêr koe men Eastereiners fine.

Yn ’t easten fan de polder wrotten
frije Friezen út ‘e lichte wei
nei boppen oant de terp der lei,
wat tichter by it driuwend swurk
rûn ’t sykjend folk mei droege fuotten.

Se sochten wat se doe noch misten,
folle heger as har eigen wurk,
as ’t sjongen fan de lytse ljurk,
it wie it sykjen nei de graal
dêr’t op ‘e wrâld in pear fan wisten.

Doe boude hear pastoar in tsjerke,
sprekkend yn in goddelike taal
de seine út oer ’t wynferhaal
fan tsjelk en geast, mar sjongend fûn
er net de ljurk mei sterke flerken.

De haadling woe it oars besykje,
mei in sterke stins op tsjerkegrûn,
dat hy it fan it godshûs wûn
yn hichte, mar hoewol’t er klonk
mei eigen tsjelk, koe ’t him net lykje.

Sa ha pastoar en haadling striden
mei in eigen hege bou en dronk
om macht dy’t harren siele wonk,
de graal lykwols kaam net foar ’t ljocht,
dy wachte stil op oare tiden.

Doe kaam de tiid dat se wol seagen
dat har macht gjin heil op ierde brocht
en ek gjin graal dêr’t elk nei socht.
Wat wie ’t, in tsjelk of faaks in skaal?
Of wie ’t in Eastereiner leagen?

Se ha doe sels de wierheid skepen:
yn de tsjerke kaam in eigen graal,
de hichte yn, in pracht doksaal*
foar Easterein syn katedraal,
dat nimmen hat de macht wer grepen.

Image

* In doksaal is in fersierde skiedingswand
tusken koar en skip fan in tsjerke.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum