Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Sjouwfeur

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Syn âlde pake gie him foar
mei ’t fleurich sjouwen oer de wei
op ’t ritme fan syn hûnekarre;
Simen song, sy blaften yn it koar,
om’t yn de sjou har libben lei
en boppedat moast hy noch barre.

Image

En âlde beppe bleau by hûs
en hear en gie har eigen wei
al like fleurich, want syn Lyske
hie de soarch oer mannich doarpske poes,
om’t yn dy sjou har libben lei
en ’t wie noch lichter mei in wyske.

Image

Hy baude âlde pake nei
en ried de wrâld troch as sjouwfeur,
mar die dat op syn eigen wize:
mannich hûn en kat kaam op syn wei,
wa’t remme, wie gjin goed sjauffeur
en boppedat hie hy Denise.

Image

admin

Grûnferklearring

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It stiet yn de Ferklearring fan de Minske
dat elkenien is foar de oar gelyk,
dus slacht it folk de wjukken út
en fljocht it boppe alle winsken
de skepping troch nei ’t fûgelryk.

Image

It sit yn de Ferkleuring fan it Wetter,
de spoaren dy’t se lûke troch de tiid,
dus slacht dit folk de poaten út
yn rigen, want it wit net better
as dit gelyk giet wiid en siid.

Image

It leit oan de Fersiering fan de Fearren,
de ien Jan Lul, de oare hege Pyt,
dus slacht er breed de flerken út
om ôf te jaan de Grûnferklearring
dat hy besjocht de wrâld swart-wyt.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum