Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Sûnder Loadewyk

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1995

Hy koe noch sile, âlde Loadewyk*,
want twa kear wied er kampioen,
soe hy it net mear kinne?
Syn advys wie oan gjin grinzen bûn,
hy hie altyd gelyk.

Hy koe wol sile, Loadewyk syn soan,
hie ’t skipper wêzen leard fan heit,
soe hy it dan net kinne?
Eldert** fûn ’t advys in steurend feit,
syn heit hie ’t raar bedoarn:

‘Asto neat posityfs te sizzen hast,
dan bliuwst der mar, wat ús wol past!’

Image

It paste Eldert, want yn Earnewâld
wie ’t lot poerbêst, it earst fan start,
soe hy it dan ek winne?
Sûnder Loadewyk is ’t wûnder bard,
syn boarrel smakke sâlt.

* Loadewyk Meeter
** Eldert Meeter

admin

Gjin rûtekommissaris

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1995

Fyftich jier al ûnderfining,
dat in wedstriid moat perfekt,
sa wolle skippers en publyk,
mar plakkommisjes binne net korrekt,
de skûtsjerûte leit soms bryk,
sa is de algemiene miening.

Wa kin soargje foar mear bining,
want it moat as ’t kin sintraal,
sa wurdt it útgongspunt gelyk:
in kommissaris sprekt grif kleare taal,
foar plakkommisjes goed ûntwyk,
mar dy ha wol in oare miening.

Image

Dus lit skûtsjes yn de dining
brûzje, want it rint perfekt
nei ’t sin fan skippers en publyk,
sa is ’t mar krekt.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum