Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Mona Lisa fan Snits

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image
Leonardo da Vinci

Mona Lisa, donker is dyn stal,
dyn hier, sa strielje ek dyn eagen,
blierkjend lânskip fan in frou,
noch moaier as it gea syn weagen
achter dy, do skientme fan ’t hielal.

’t Wie Elisabet, se seine Lys,
it slûke hier hong foar dyn eagen,
lizich bûtlân fan in faam,
wat ha se dy de dei troch pleage,
mar do fûnst, se binne lang net wiis.

Mona Lisa fan ús eigen Snits,
gjinien hat noch de Lys foar eagen
bûten elke griene dyk,
hoe’t earder jonges nei dy seagen,
glimkest strieljend om, foar har bist blits.

Image

admin

Polsslach

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It bloed kroep op dy dei nei ’t iis
omdat it dêr begûn te streamen
as yn tiden fan de sterke slach
dy’t noch te hearren wie yn dreamen,
mar it hier waard al wat griis.

Image

Har polsslach joech it ritme oan,
de skonken krigen it te pakken
dat de dreamen waarden wrachtich wier;
by harres wie syn slach in swakke,
foel al krassend út ‘e toan.

Image

Sy wie al oan de ein en stie
te sjen nei syn beskieden riden
doe’t se foel, in slach yn pols en dream,
mar nei de gipsearm komme tiden
dat it bloed krûpt sa’t it gie.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum