Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tredde krystdei

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Do silst it krekt belibje
dat op ‘e twadde krystdeijûn
it noch begûn te snijen,
safolle dat de goare grûn
fan fjirtich krystfeestoeren
noch syn bestimming fûn.

Image

By ’t opgean fan de sinne,
in blauwe bui noch oan de kym,
lei ’t ierdryk der wyt hinne
en wachte op wat ieuwen lyn
begûn op hoare finne
fan Betlehem, in liet op rym.

Image

Mar sjoch de skiep dêr rinnen
as hawwe dy oan snie it mier…

Image

… de okse en de ezel,
de smûke stâl skeelt har gjin sier…

Image

… en om der op te winnen
ha se dy stâl al wer te hier.

Image

admin

Krystjûn

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ik fyts op dizze krystjûn
om de ljochten
fan klipper, tsjalk en skûtsje
digitaal te heinen…

Image

… troch stegen en strjitten
dy’t, nei de rjochten
fan keapsiik folk,
folslein ferlitten
lizze te wachtsjen
op ‘e stappen
fan man en ezel
en op ‘e ingelewolk,
mar as ’t begjint te drippen,
sipelt allinnich it skynsel
fan seilen en fokken
op it dek fan de skippen…

Image

… en rûzje autobannen
oer ’t spegeljend asfalt
op wei nei it feest
fan ’t âlde ferhaal
yn elk syn taal.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum