Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Skûtsjewimpel

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1971

Image

Gjin skûtsjesilen sûnder sinten,
’t wâlpublyk hie dat wol troch,
al jierren hie ’t betelle
foar it skouspul sûnder skellen,
lykwols no it folk op ’t wetter noch.

Dat kaam mei lúkse jachten, sinten
by de fleet, in hiele float
om ’t romme sicht te stellen
fan it wâlfolk dat mei skellen
krige net in poat oan ’t teakhoutboard.

Hoe kaam de SKS oan sinten
fan wa’t rom betelje koe?
It idee wie nochal simpel:
jou dat folk in skûtsjewimpel,
elk dus kampioen, dat wie de klû.

Image

admin

Skippers en seksshops

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1971

‘Heil om seil’ sa soe it hjitte,
want wie Hylkes* boek
foar skûtsjeskippers net ta heil?
Sy woene it wol witte litte
dat it taande seil
foar harren stie foar hillich doek.

Image

As de loften stiennen reine,
giet it derom wei,
dat bloed spat út ‘e neil,
want dizze slane grif gjin seine
yn it taande seil,
mar earder flokt it lang noch nei.

‘Met de kloten voor het blok’ sa
hiet ek Hylkes boek
yn seksshops, want it klonk as geil,
mar ’t skippersfolk stie foar it blok, sa
lullich foar it seil
as waard ûnthillige it doek.

* Hylke Speerstra


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum