Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sniewyt

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1963

Doe’t Sint Piter oankaam yn ’t doarp Grou,
lei ’t skûtsje muorrefêst yn ’t iis:
it nije túch sa wyt as snie,
in boom dy’t by de mêst op gie,
de Fryske flagge foar de priis,
fiif wimpels yn marineblau.

Image

Dy’t as kampioen beferzen lei,
briek los as bolle nei de ko:
Doarp Grou bestoarme Pik en Ie,
mar foar ’t it by de finish wie,
rôp Meeters roer lûd kreakjend: ‘Ho!’
De G kaam los en gong syn wei.

Image

Iselmar, de rûge see fan wraak,
berûn de Fryslân, Meeters skip:
oer bakboard brûsde fûl Doarp Grou
opnij as bolle sûnder tou,
in klap op stjoerboard… ‘Wol ferhip,’
rôp Loadewyk, ‘dy wie ek raak!’

Image

Zwaga protestearre trije kear,
dat wie syn reade skippersrjocht,
mar ’t holp him neat, want wat wie wyt,
de snie fan ’t seil, joech gjin profyt.
Hoewol’t er ’t brune doek opsocht,
besylde hy de priis net mear.

Image

admin

Miniatuer

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1962

De driuw om sels ’t metaal te bûgen,
liedt net ta in tweintich meter lang,
mar wat it each oan ’t grutte sjocht,
beskaaft de hân ta leger rang
mei oan de ein in plak op ’t droege.

Image

Lit metaal no sels ris sprekke
fan it skûtsje fan ús heit
dat stiet as in nostalgysk feit
te blinken mei syn koper-dekken.        1)

Image

Dat de Lemsters sulver joegen
oan de winner fan de striid,
dat skip wie foar de ivichheid
en blonk elk jier oer alle boegen.          2)

Image

Mar de measte skûtsjes binne
sulver foar it skippersrjocht
dat sprekt fan nocht oan it gefjocht
en trije kear it silen winne.

Image

Se kinne noch safolle bûge
nei it lytse fan gjin meter lang
fan sulver, koper of fan hout,
it goud bliuwt op ‘e earste rang:
it silen oer de lange boegen.

Image

1) Makke troch Anne Tjerkstra
2) Makke troch firma Van der Meulen, De Jouwer

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum