Willem Tjerkstra’s thússide
admin

In sterke frou

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De frou en tsjerke liken
as twa stiennen op elkoar,
se wiene al op jierren
en de ien wist fan de oar,
doe’t sy as famke alle wiken
stiennen telde of wat oars
en ’t Wurd kaam noch fan fierren,
want dêr kaam se doe net foar.

De frou waard troch de jierren
sterk lykas de tsjerketoer,
har geast koe sprekken lije,
skôge libbenskimen oer,
doe’t sy, al âlder, alle nije
dagen telde en de oar
fernijde dat sy hjirre
ienris sleat foargoed de doar.

De tsjerke seach nei jierren
har wer, stadich troch de doar
de donkerbrune kiste
skode fierder yn de oar;
sa lei se dêr allyk opbierre
sa’t se kaam op oaren oer:
in frou mei stien ynliste
as de ieuwenâlde toer.

Image

admin

Mei nij nei twa

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1969

Al jierren wie it resultaat
fier ûnder Snitser mjitte
– lit de Pan mar sjitte –
oeral gûnze fan dat praat.

De fraach wie wat men deroan die,
fan skipper rap feroarje
brocht noch gjin fiktoarje,
dan fernije wie de rie.

Image

Twa meter langer waard de mêst
om ’t nije seil te hysjen
bûten de tradysje
fan wat bliuwt dat is it bêst.

Dus gau de kloaten om it blok
om ’t wite doek te hifkjen,
sûnder noch te wifkjen:
’t seil moast heger yn de nok.

Image

Mei faasje op it slachfjild ta
om nei skerp sylde slaggen
oan te slaan de flagge
foar de Pan as nûmer twa.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum