Willem Tjerkstra’s thússide
admin

‘Soli Deo Gloria’ op aventoer

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1965

Dêr leit de ‘Soli Deo Gloria’,
oan God de ear foar dizze romp,
mar as it skûtsjesilen komt,
dan klinkt it halleluja!

Image

Ald-skipper Piter Visser sylde mei
it skûtsje as de duvel hurd,
dat skipper Van der Meulen sei:
‘Dan traapje ik him op ‘e sturt!’

Sa song dy kampioen it ‘Gloria’
doe’t hy de romp sa inkeld kocht
foar ’t skûtsjesilen foar de nocht
en ’t kampioenskip derop ta.

Image

Syn skip sa troch de dei, de ‘Aventoer’,
koe net pro Deo troch de tiid,
want ’t sneinske silen wie te djoer
om troch de wike út ‘e striid.

De âlde ‘Soli Deo Gloria’
waard optúgd foar it doarp Wâldsein
en song as sânde oan de ein
in sunich halleluja.

Image

admin

Swier waar

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1965

Image

De winterloften dreauwen driigjend oan
mei stoarmwaar oer de sylkalinder;
de skippers woene minder yn it spier:
‘It skûtsjesilen is ús bybaan, blinder!’

De skippersfroulju tilden ek noch swier
oan fjirtjin dagen gjin fakânsje:
‘Wy fuorje ’t stel oant yn de lette jûn
mei spanning as ús iennige garânsje.’

Image

De pommeranten fielden harren bûn
oan fjirtjin dagen skûtsjesilen:
‘Wy fuorje ’t skouspul oan in grut publyk
en wolle der gjin wedstriiddei ôf skile.’

It folk joech elkenien doe syn gelyk:
‘Al knappe ek as prikken mêsten,
wy fuorje mei ús sinten harren ryk
en binne foar it spul de alderbêsten.’

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum