Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Nazireeër Simson

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Luca Giordano*

Se wiene lang tegearre,
hiene gjin ferwachting mear,
’t wurd út ‘e hichte brocht de kear,
se koene ’t boadskip twa kear hearre.

Yndie, in soan waard berne,
nazireeër fan de die,
dy’t foar syn folksgenoaten gie
troch earst de fijân te ferkennen.

It doel, de Filistinen,
loek him nei in kreaze frou,
it houlik wie him net te gau,
syn âlders koene him net bine.

It paad rûn nei de liuwen,
fierde Simson nei in welp,
hy skuorde ta en sûnder help
koe hy syn earste sege priuwe.

Image
detail

* Luca Giordano (1634-1705)
Skilderij ‘Simson en de liuw’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum