Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Nei de nacht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It is op slach fan achten,
foarby it feest en stil yn
de moarntiid nei in koarte nacht
fan fluitsjende flitsen
dy’t útinoar spatten
yn kleurige stjerren
wylst kweade machten
troch knallen en bolderjen
ferbyldzjend oprotten.

Image

Mar gjin ferbylding is it
wannear’t foarby Ysbrechtum,
wylst de tongerbussen lizze
te rêsten fan de skotten
en kleurige ljochten
besykje fêst te hâlden
wat flitsen en stjerren brochten,
de keet noch trochdreunt
fan wat al heart by ’t âlde.

admin

Yn ’t nije jier

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Sy draacht it alle dagen troch
fan de iene oere yn de oare,
de nacht yn en wer yn it ljocht,
nei oan ’t hert en grutsk om’t foar har
in lytser famke fol bewûndering
de skat as heechste ideaal besjocht,
it laam dat sy as dûbel wûnder ken:
in libben dat harsels ta libben brocht.

Image

Sy draacht it alle tiden troch,
fan de maitiid oant de winter,
de drompel oer fan ’t âlde jier
yn it nije as kokon mei flinter,
it ideaal dêr’t sy net sûnder kin,
bewuolle noch yn ’t tichte trieddehier,
mar ienris sil se ’t wiere wûnder sjen,
it leave lok dat komt yn ’t nije jier.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum