Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fan heit op soan

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1968

Hy waard berne op ‘e grutte griene,
krige yn it bloed it weagjen mei
en noasters dy’t wiid iepen stiene
foar de taan en tar wannear’t er lei
yn ’t bedstee fan de durk te sliepen,
dreamend fan it skippersrjocht, de dei
dat hy as âldste oan it helmhout stie.

Image

Rjocht oerein hold Rienk syn idealen
sa’t in Zwaga fan karakter wie,
in inkeld wurd, gjin swetsferhalen,
earm om ’t helmhout, komme ta de die
mei weagjend bloed, de eagen iepen,
skippersrjocht dêr’t hy as soan foar stie,
it wachtsjen wie doe op syn grutte dei.

Image

Soe Langwar de griene lizze litte
doe’t de soan fan Ulbe ien wurd sei?
Hy seach it mei de swan wol sitten,
rjocht oerein de hals, de fearren mei
in rattelgong omheech en sile
yn in minne twirre en dêr lei
de griene fier by Zwaga’s dreamen wei.

Image

admin

As trettjinde

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Sinteklaas kaam by de SKS,
dat fol ferwachting kloppe ’t hert
fan Loadewyk, hy wist noch net
de útslach fan syn skûtsjeles.

Image

Wie hy skipper of in sjachelder
dy’t sutelet by de doarren lâns?
De Sint fûn him in skûtsjestjer,
hy krige mei syn skip in kâns.

Image

Loadwyk hie brutsen mei Langwar,
de griene fûn er neat mei neat,
it bakbist sylde sûnder feart,
dat Huzum kaam yn ’t wyt oan bar.

Image

Feestlik wyt joech noch gjin prizen wei,
want yn De Tynje gong it mâl,
noch krekt net om, mar op dy dei
kaam Loadwyk it lêst oan wâl.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum