Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Reuzebouwers

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Willem Roelofs*
fan Taco Mesdag**

Image

Hy sit heech op in grouwe stien,
syn wachtpost
dêr’t er sicht hat op ‘e keppel,
jierren mei syn skiep begien,
lykwols gjin weet hat dat er gast
is fan de deaden, ien en mien
yn ’t bouwen, reuzen mei in kneppel.

Hy wit fan ‘huynen’*** noch fan bêd,
har rêstplak,
wachtsjend op in twadde libben
op in folle breder mêd
as boppe har it swiere dak;
se rinne mei in lichte trêd,
foarsjoen fan iten troch har sibben.

De himel ljochtet foar him op,
syn foarlân,
leaut er, mei syn twadde keppel.

Image

* Willem Roelofs (1822-1897)
Skilderij ‘It hunebêd fan Tynaarlo’

** Taco Mesdag (1829-1902)
Skilderij ‘Hunebêd fan Taarlo’

*** reuzen

admin

Dûbel ferhaal

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*

Image
Dêr stiet er yn de midden,
Justinianus,
keizer fan ’t Romeinske ryk,
sawat oan ’t himelryk allyk,
earst stride, dêrnei bidde.

Hy wie betûft yn ’t lieden
fan Byzantium,
sa’t syn omke earder die,
fan wa’t er oernaam rjochte rie:
ien ryk yn plak fan skiede.

Syn troepen liet er stride
om Ravenna,
stêd fan San Vitales tsjinst,
mei fan gefolgen dûbel winst
en keizerlike tiden.

Dêr stiet er yn de midden,
Justinianus,
op ‘e earm in hostyskaal,
dat dûbel wie ek syn ferhaal:
‘Lit ús nei ’t striden bidde.’

* Mozayk yn San Vitale te Ravenna

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum