Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Slangesicht

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Anthonie van Dyck*

It gie om Edom hinne,
de woestyn yn nei de see,
it like op it paad werom,
gjin útsicht op ’t oerfloedich stee,
mar yn de hân in lege kom
en alle dagen fierder rinne.

‘Wêrom moatte wy opklimme
út Egypte wei, it golle gea,
wy koarje fan it hongerbrea!’
sa klonken tûzen stoertske stimmen.

It kwea wie bard en slangen
kronkelen yn ’t kleiend kamp,
it hie neat fan it paad werom,
it sicht wie wei, it waard in ramp
foar ’t folk, yn ’t lêste rinnen krom,
de bisten lieten har net fange.

‘Wêrom hawwe wy sa klage
tsjin de Iene oer it hongerbrea,
ferslacht ús ek de kweade dea?’
sa klonken doe de bange fragen.

It kwea soe net lang bliuwe,
want der kaam in slangebyld,
dat útsicht op it libben bea,
de Iene wie foar ’t folk in skyld,
beskermer tsjin de wrede dea,
liet elkenien fan oerfloed priuwe.

Image

* Anthonie van Dyck (1559-1641)
Skilderij ‘Mozes stekt de bûnzen slang op in peal de hichte y

admin

Lilke maten

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Sebastiano Ricci*

Image
detail

Kadisj, hillich hûs, yn de woestyn,
safier wie ’t folk al kommen,
mar dochs, de smoar siet der wol yn,
de wettersekken leech, ’t waard brommen:

‘Wiene wy mar smoard foar ’t antlit fan
de Iene, as ús bruorren,
want is de ûndergong it plan,
dan hat ús lijen te lang duorre.’

Mozes en Aäron foelen op
it antlit foar de Iene,
dy’t heard hie nei de rûge rop,
sa’t droege mûlen gauris diene.

‘Nim de stêf mei nei de rots en praat,
dan lit Ik wetter streame,
by ’t ûndergean hat nimmen baat,
lit ús it by de namme neame.’

Kadisj, hillich hûs, hat wetter jûn
troch stêfslach, net mei praten,
de rûgens hie ’t fan Mozes wûn,
it folk en hy as lilke maten.

Image
detail

* Sebastiano Ricci (1659-1734)
Skilderij ‘Mozes lit wetter streame yn de woestyn’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum