Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Rampsenario

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Se sizze dat it wetter riist
omdat it folle waarmer wurdt
omdat it minskdom smoargens spuit
en dochs de boel derhinne bruit
omdat de see sa djip en grut
is dat gjin peil op ûnheil wiist.

Image

Wa kin lykwols de rampen peile
as de grûn trochweakke rekket
en gjin skûlplak oan de bisten biedt,
de mûs de mûzefalken fiedt,
de mol de blauwe reagers bekket
en de wjirm leit bleat foar klysterneilen?

Image

Mar sjoch wat yn de waarme, wiete wrâld
de mûs, de mol en wjirm derboppe hâldt;
de podden stekke paraplu’s omheech
dat ierdebisten skûlje heech en dreech.

Image

admin

Spoarofyl

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
In skip dat nei de fierte fart
mei fracht fynt syn bestimming;
’t spoar derachter duorret koart,
is fuort foar’t twirren kleurje swart
it far; it skip hjit ‘Undernimming’.

Image

In trekker raasde oer it paad,
dêrnêst in meanmasine,
bannen ha ta spoaren laat;
de meardiminsjonale plaat
sil grif troch waar en wyn ferdwine.

Image

De minske is in spoarofyl,
by dea in achterlitter,
kenber oan syn eigen styl,
de ieuwen troch soms in fossyl,
dus gjin ferjitter, mar in witter.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum