Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Trochbraak

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De nacht hie op ‘e taast
de trie spûn foar de dei
dat dy fertize lei
yn ’t keatling fan de dize,
want it tsjuster hat gjin haast.

Image

De dei brekt út ‘e nacht
it keatling mei de die:
troch ’t weevjen fan de trie
mei sinneljocht ferlieze
stielen skeakels harren macht.

Image

De sinne siket nei
har suske op ‘e taast,
se fynt de blom en maast
har strieljend hiel, ferwizend
nei de trochbraak fan de dei.

Image

admin

Fersliten

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Dêr steane jim, de lêste kear,
tegearre sûnder fuotten,
trije jier noch mar en dan al âld,
keal oan de bûtenkant en gear
fan binnen, ek noch gatten
fan de wrâld út rinne.

Jim bylken grutsk, mar diene sear
en soargen foar twa blierren
withoefolle kilometers lang;
jim stiif fan nijens en ik mear
fan withoefolle jierren
slitaazje fan it rinnen.

Image

Jim folgen my, want ik hie ’t stjoer
oer wêr’t wy hinne giene:
winterdeis de rûte troch de stêd,
sân moannen lang, it wie jim oer,
mar simmers bûten hiene
jim de wrâld te winnen.

Dêr steane jim, no sûnder doel,
fersliten op ‘e hichte,
weardefol stillibben skilderij
fan Jopie Huismans âlde boel;
ik ha allinnich dichte
fan jim fiere bringen.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum