Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Macht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Uruzgan, in Nederlânske bom
foel tusken heit en mem
op ’t plak krekt fan in bern,
mar hy koe inkeld sjen
it fjoer, sadat syn stim
ûntplofte fan fiktoarje, krekt dêrom.

Image

Ponylân, dêr’t nei in kâlde nacht
it folk kaam yn it ljocht,
mar stie noch klomsk te sjen
mei tuskenyn in bern;
ik ha wat rûchte socht
mei fjoer, want mear hie ìk net yn de macht.

Image

admin

Stoppelpealtsjes

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
As neat de groei yn streken liedt,
dan slacht it grien wyld om him hinne
oant as teken der in pealtsje stiet:
safier, gjin blêd der mear oerhinne!

Image

In wite mylpeal op ‘e bou
dêr’t rigen ’t measte sicht ûntnimme,
inkeld stiel rikt heger yn it blau,
de spanning kin men swak fernimme.

Image

Want sterk beslacht de minskehân
de bou yn masinale streken,
wylst de stoppelpealtsjes op it lân
ferwize nei de toer as teken.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum