Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Al silend

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It spul fan wolken en fan flagge
yn beweging altyd mei de wyn
en as de sinne kleuren skynt,
dan is ’t ballet folflein en slagge.

Image

Wannear’t de baan mei pompeherten
fleurich kleurjend krollet út ‘e rêst
as in ballonfok oan de mêst,
dan fart it skip nei fiere swetten.

Image

It kin noch fierder, mei de wolken
skûtsjesilend, loete yn de fok,
natuerlik nei it heechste lok,
de ienheid fan it al fertolkend.

Image

admin

Lyk

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It taaste djip yn ’t moed,
noch sterker, ’t wie traumatysk,
de iene waard apatysk,
de oare stresste fan it bloed.

Image

It mûske, noch in bern,
besefte ’t drama amper,
it kaam der mei in skamper
ôf, terapy wie neat foar him.

De hazze kaam oerein,
ferstive as in deade,
waard mislik fan it reade,
wie foar syn hiele libben skeind.

Image

De ielgoes, swart yn ’t pak,
oars plechtich ûndernimmer,
it leafst net yn de simmer,
ferleagene fan eangst syn fak.

De blauwe reager, hiel
bedaard yn it begrutsjen,
die noch in winsklik wurdsje
en slokte ’t lyk lyk troch de kiel.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum