Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Each foar ferfal

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Jean Charles Tardieu*

Image

Sjedêr it lân fan monuminten,
piramide, sfinks en wat al mear,
mar hiene se dêr each foar?
It gie op ’t lêst om kriichsmans ear,
ferbylde yn oerwinningslinten.

Se strieden yn it lân fan goaden,
Isis en Osiris en noch mear,
mar hiene se dêr each foar?
It gie op ’t lêst om harren Hear,
se tsjinnen as syn oarlochsboaden.

Sjedêr it rêstplak fan soldaten
fan Napoleon op ’t monumint,
se hiene dêr wol each foar,
ferfallen as it wie, in hint
dat falle soe wa’t sy fûl haten.

* Jean Charles Tardieu (1765-1830)
Skilderij ‘Pypskoft fan it Frânske leger
yn Syena (Assûan), 2 febrewaris 1799’

admin

Gjin tsjinsin

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Pierre Narcisse Guérin*

‘Wit dat dit folk fynt inkeld sin
yn Allah en Mohammed, syn profeet,
sprek dizze lju net tsjin,’
sa spriek Napoleon;
’t wie foar de wittenskip in weet,
fergetten waard de muonts en non.

De wittenskippers foeren mei
foar piramide, sfinx en tekenskrift;
Kaïro joech gjin kaai,
mar wurke fjurrich tsjin:
it folk fan Allah, op ‘e drift,
socht yn geweld de heechste sin.

De Frânsman sloech de opstân del
en bûn de Mamelukken oan it tou,
spriek har doe freonlik ta:
‘Gjin swurd en sels gjin sel,
jim meie nei de bern en frou,
want tsjinsin moatte wy net ha.’

Image

* Pierre Narcisse Guérin (1774-1833)
Skilderij ‘Bonaparte ferjout de opstannelingen
fan Kaïro op it El-Bekirplein’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum