Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ferskillend oer de Alpen

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Jacques-Louis David*
fan Paul Delaroche**

Image

Sjedêr, de skimmel mei Napoleon,
de sniekleur fan de Alpen,
’t skouderkleed sa read as bloed;
it giet moarn oan, earst striid dan rom,
de bergen heine al de gjalpen.

Hy wiist it paad, brigadegeneraal
Napoleon, nei ’t easten:
‘Bring Italië yn noed,
want striid en rom is myn ferhaal,
ik gean as Frânsman foar it measte.’

Sjedêr, de ezel mei Napoleon,
kontrastkleur mei de Alpen,
hjoed is hjoed, sa kâld as roet,
’t giet stap foar stap, de mûle stom,
soms klinke helpleas noch de gjalpen.

Image

* Jacques-Louis David (1748-1825)
Skilderij ‘Napoleon stekt de Alpen oer’

** Paul Delaroche (1797-1856)
Skilderij ‘Napoleon stekt de Alpen oer’

admin

Arsjitekt-generaal Kléber

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Léon Cogniet*

Gjin ear wie mear te heljen
foar Napoleon yn ’t hjitte lân
fan sfinks en piramide,
hy hie as sfinks syn diel wol hân
en soe as hoanne fierder stride.

De ear wie foar it leger,
striidber ûnder generaal Kléber,
as arsjitekt mei eagen
net inkeld hjir, mar ek ris dêr,
om’t sfinksen ieuwenlang al seagen.

Wylst pylders ’t striidspul skôgen
fan de Mamelukken, fûl op winst
by ’t rêstplak fan de sinne,
wie ’t Frânske sjitspul net it minst,
dat generaal Kléber koe winne.

Image
detail

De arsjitekt hat skôge
’t ieuwenâlde bouwurk mei de skea,
mar sleat dêrnei de eagen:
in moardner die him oan de dea,
de bouskea hat him net mear pleage.

* Léon Cogniet (1794-1880)
Skilderij ‘De fjildtocht yn Egypte,
de Slach by Heliopolis op 20 maart 1800’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum