Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Dûbele kroaning

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Jean Auguste Dominique Ingres*
fan Jacques-Louis David**

Image

It gie mei stappen nei de top,
Napoleon seach him al sitten
yn keizersmantel op ‘e troan,
gjinien koe tsjin dat stribjen op…
wa stiek in keizer nei de kroan?
De paus sels hat it sitte litten.

De konsul*** woe as demokraat
it folk fan Frankryk stimme litte,
hy telde alle stimmen mei,
ek fan soldaten op ‘en paad…
wa woe gjin keizer nacht en dei?
It hiele folk seach it wol sitten.

De kroaning moast mei priel en pracht:
de dracht mei tûzen gouden bijen,
in gouden kroan sa swier as lead,
de earn as teken fan de macht…
wa woe gjin keizer yn dy steat?
It folk koe ’t grif net better krije.

It barde yn de Notre-Dame:
Napoleon hat twa kear kroane,
himsels it earst, doe Joséphine,
om’t hy de paus net earnstich naam…
wa helle sa gjin keizer yn?
It folk hold net fan sa’n fertoaning.

Image

* Jean Auguste Dominique Ingres (1780-1867)
Skilderij ‘Napoleon op syn keizerlike troan’

** Jacques-Louis David (1748-1825)
Skilderij ‘De kroaning fan Napoleon’

*** Napoleon klom op fan konsul fia earste konsul nei keizer

admin

Symboalbylden

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

De fredesingel fljocht fluch oan,
as foar de harmony it toanbyld,
en blaast de twirren út ‘e hoarn
foar ’t wapperjen fan findels,
sjong dan mei op hege toan,
wat strykt mei it symboalbyld.

Gjin oarloch mear mei Ingelân,
fûn Frankryk, foar ús lân it foarbyld,
dus gjin soldaat byt mear yn ’t sân;
lit wapperje de findels
op ‘e dunen en it strân,
de see as it symboalbyld.

Wol hûndert skippen foeren út
de havens, frije feart as ’t oerbyld
fan hannel neffens ’t einbeslút;
nei ’t sjitten fan kanonnen
waard de keapwaar oarlochsbút,
de float as it symboalbyld.

* Symboalbyld ‘Frede fan Amiens’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum