Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Metamorfoaze

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy hie in prachtich biotoop,
it wetter wie syn baaiersplak,
op ’t polderlân hie hy syn loop,
mar wikseljend wie ’t libbenslot
fan wetterknyn of muskusrot.

De stielen koai as deadesel
hong op syn rûte yn de poel,
hy mijde dy as wie ’t de hel,
want ’t libben wie de grutste skat
fan wetterknyn of muskusrot.

Mar ien kear stie syn libben faai,
hy swom mei gong, koe krekt werom,
it waard syn wiksel op dy dei,
werskepping fan de muskusrot:
in sturtslak like him wol wat.

No krûpt er stadich, mar mei fleur
en slym de dyk oer, biotoop
foar bisten mei deselde kleur,
wylst read wiist mei de lege sel
it paad foar rotten mei nij fel.

Image

admin

Peallen op ‘e grins

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Matthieu van Bree*

Image

Sjoch him dêr sitten,
heech op ’t wite hoars,
de keizer fan it Franken-ryk;
de flaaikers ha it witten,
mar koe it oars?

Sjoch hoe’t se steane,
peallen op ‘e grins
fan ’t Amsterdamske ûnderryk,
se binne ryk beleane,
sa is de mins.

Sjoch hoe’t de kaaien
geane nei de foarst,
sadat er kriget grut gelyk
oer winen dy’t dêr waaie
sa as ’t him past.

Sjoch hoe’t soldaten
steane, stil en stram
yn rigen, oan elkoar gelyk,
hjoed binne it noch maten
yn Amsterdam.

Image

Miskien moarn liken
op it fjild fan ear
as offer oan Napoleon;
it lean is foar de riken,
dy steane klear.

* Matthieu van Bree (1773-1839)
Skilderij ‘Yntocht fan Napoleon te Amsterdam’
Skilderij ‘Yntocht fan Napoleon op de Dam’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum