Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Judit wasket har

Bibelbylden
PDF Print E-mail
Foar Judit like it net min:
in tinte mei in noflik bêd,
fan ’t iten koe se mear as sêd,
se naam it net, it stie har tsjin.

Joadinne wie se neffens wet,
foar har wie ’t eigen iten rein,
tsjin Holofernes hat se ’t sein,
slûchslim, dêrmei har die taret.

Se sliepte fêst oant middennacht,
doe gie se út ‘e tinte wei,
naam Holofernes’ goedens mei
en rûn foarby de lêste wacht.

De delling fan Betylûa
begroete har, se wosk har dêr
en kipe nei de moarntiidsstjer:
de wink om op ‘e rêding ta.

Alhiel nei geast en lichem rein
rôp Judit oan de Heare God
om bystân yn it nuodlik lot…
doe is se út ‘e delling tein.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum