Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ballade fan Zelle

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy frege foar himsels gjin pastory,
mar koe it mei in húske stelle
yn syn rychje, sa’t er wie,
joech hy oan God syn wize rie,
want dat wie Zelle.

Hy frege fan syn lea it aldermeast,
liet earm en skonk as wjukken mealle,
oars as oaren, wol it earst,
dêrnei kriich hy fan God de geast,
want dat wie Zelle.

Hy joech dy sneins it wûnder fan de stien,
de mannichte wie net te tellen,
’t folk hat yn it gongpaad stien:
‘Gemeente, komt dit wonder zien!’
Want dat wie Zelle.

Hy frege nei de preek in streksum miel,
as dûmny koed er mar bestelle,
alles gong him troch de kiel,
hy joech as tank oan God syn siel,
want dat wie Zelle.

Hy frege net nei ’t tsjerkfolk syn ferlet,
mar hat allinnich mar ferhelle
hoe’t it hellefjoer beset
de sûnders nei Gods rjochte wet,
want dat wie Zelle.

Hy joech syn âlde mem it alderminst,
want minsken libben út Gods welle;
sneins behelle hy syn winst,
dan waard syn tongerpreek in feest,
want dat wie Zelle.

Hy frege net om sûker op it brea,
syn libben hat it foar him helle,
brocht him tagelyk de dea,
joech gjin miljoen mear foar syn lea
en dat wie Zelle.

admin

Ballade fan in twillingdoarp

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It lân lei leech en rûch derhinne,
inkeld bisten libben op it fean,
dat yn de rin fan jierren groeide,
reuzeheech yn griene maitiidsklean
of feal by ’t leechstean fan de sinne.

De ierde suchte ûnder fleagen
lykas mem de frou leit yn de kream,
doe waarden berne trije reuzen,
wylst it wetter floeide yn in stream:
it Ges, wiswier it is gjin leagen.

De fûgels songen trije nammen:
Jarich, Douwe en as lêste Broer,
se groeiden flugger as it heechfean,
leine yn dy widze net foar boer,
mar frieten fan de skiep de lammen.

Image

De trijeling kaam op ‘e fuotten,
sette stampend stappen oer it Ges,
wylst nei de wolken wetter spatte,
krigen sy in dweiltrochwiete les:
se moasten yn de grûn omwrotte.

De trije reuzen groeven sleatten:
Broere-, Douwe- en de Jarichsleat,
sa koe it wetter fierder streame,
ek de grûn waard mei de skeppe keard,
sa is it heechfean leger setten.

De ierde, swier fan ’t lange wachtsjen,
krige net in trijeling troch ’t gat,
mar wol in twilling nêst it streamend
Ges om streakjend dizze dûbelskat
wat heger noch as leech te achtsjen.

Want boppe ’t lege fean ferriisden
as de sinne ljochtsjend Top en Twel
mei tuorren heger as it heechfean,
reuzen yn it lânskip dy’t as stel
de paden nei de takomst wiisden.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum