Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Enerzjike boer

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Fiif oere moarns is hy derôf
wannear’t de nacht yn ’t neigean is
en kij wer op ‘e poaten komme;
fee en boer, sy binne trou,
fan plak en oere wis.

Image

De dei is foar it oare part
fan syn natoer, ferbining mei
de wyn en sinne yn it romme
fjild of triedden read en swart,
syn enerzjike wei.

Image

En middeis komt er der wer ôf
op grûn fan erflik syn natoer
dat net in oere him ûntkomme
sil, de trie wurdt dan in tou,
de technikus wer boer.

admin

Boerereed

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It libben ken gjin rôljend paad
dêr’t men oerhinne glydt
en dat allinnich liedt
nei ’t gea fan inkeld baat.

Mar giet it libben kranich troch,
dan wurdt de basis lein
mei plastic nei de ein
en dan de stienslach noch.

Sa pakt men it ferline beet
en lûkt it nei it hjoed;
sjedêr, it eaget goed:
troch ’t lân in boerereed.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum