Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ynvaasje fan Brit en Rus

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Dirk Langendijk*
fan ûnbekend**

Twa steaten dy’t gjin buorlju wiene,
Ruslân en it Britske ryk,
besleaten ta in anty-Frânsk ferbûn,
’t gie fia de Bataafske Republyk;
de fraach wie hoe’t it paad dêr rûn.

Image

It waard fan see út in ynvaasje
op it strân en oer it dún,
doe fierder, want de earste slach wie wûn;
de fraach waard: rekket Amsterdam yn pún
of wurdt it lân oan ’t wetter jûn.

Gjin Brit of Rus kaam troch de polders:
wiete fuotten is in ramp,
foar beide, lea en strategy, net sûn;
it antwuurd waard: werom nei ’t eigen kamp,
ferlern hie ’t anty-Frânsk ferbûn.

Image

* Dirk Langendijk (1748-1805)
Skilderij ‘Ynfal fan de Ingelsen en Russen yn 1799’

** Yllustraasje ‘Britsk-Russyske ekspedysje set ôf’

admin

Bataafske misslach

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Thomas Whitcombe*
fan ûnbekend**

Gjin lân behearske sa de weagen
as de nije republyk,
de frije steat fan de Bataven,
striders foar it Frânske ryk,
it leafst tichtby de haven.

Image

De haven wie dy fan Den Helder,
dêr’t De Winter*** joech it sein
om út te farren tsjin de Britten
mei de sege yn it brein
noch foar it earste sjitten.

De skotten dreunden oer de weagen
foar de frijheid fan de steat
en ’t ûnderstrûpen fan de Britten;
foar ‘De Vrijheid’ gie ’t ferkeard,
De Winter hat it witten.

Image

De fice-admiraal moast sitte
by de Britten op it lân,
dy’t hearsken oer de measte weagen,
holden sa har steat yn stân
en frijheid klear foar eagen.

* Thomas Whitcombe (1763-1824)
Skilderij ‘Slach by Kamperduin’

** Skilderij ‘Slach by Kamperduin’

*** Fice-admiraal op it skip ‘De Vrijheid’

< Foarige

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum