Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Joadske opgong

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Bernardo Cavallino*

Nei de dea fan Joadehater Haman
krige Mordekai syn segelring
en Ester ’t hûs, dat ûnderling
ha Joaden sein dat sy ’t net namen.

Ester woe dy takomst ek net nimme,
faai foarútsicht fan de massamoard,
sa’t Haman woe dat elke Joad
gjin stim mear hie om op te klimmen.

Image

Sels moast Ester klimme mei har noeden
nei de kening foar de twadde kear,
sy pleite net foar eigen ear,
mar dat de foarst de moard ferhoede.

Ahasfearos koe de wet net keare,
der mocht wol in twadde brief útgean,
de Joad soe foar syn libben stean
mei wapens, sels tsjin hege hearen.

Joaden mochten ’t nije nijs wol lije,
seagen Mordekai yn keningsklean,
mei Hamans ring troch Sûsan gean,
de hiele stêd hat doe jûchheie.

* Bernardo Cavallino (1616-1656)
Skilderij ‘Ester foar Ahasfearos’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum