Willem Tjerkstra’s thússide
admin

God en Jorwert

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Noch altyd rikt er nei wêr’t
ieuwenlang de siele langst nei hie,
de ivichheid dêr’t God ferskynt
oan wa’t it Wurd bynt oan de die,
mar ’t folk berikt er net, want dat ferdwynt.

Ek God waard wei út Jorwert
nei’t it byld de siele finzen hie
en earen waarden dôf fan ’t lûd
dat troch de klok it gea oer gie,
it langstme bleau, mar juster wie net hjoed.

Doe sochten se in wei dêr’t
langstme rinne koe oer ’t plattelân
nei wêr’t de minske romte fynt,
want op it âlde komt ta stân
it nije kleaster… God dy’t wer ferskynt?

Image

admin

Krúslings

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

’t Lemieren jubelet oer de nije tiid
en lûkt de ljochte wimpels yn it swurk,
’t is slagge as it om ferbining giet.

De balken binne oaninoar ferbûn
ta krusen, keunstich stribbet hiel dit wurk
fan swierte heger, bûgend nei de top,
it spilet it moderne liet,
men sjocht der heech by op.

Sjedêr de dei, al wachtsjend op ‘e jûn,
hoewol’t de blauwe flagge siert de loft,
hoe lang noch oan de âlde tiden bûn?

De tuorren stekke lang sa heech net mear
as doe’t it krús behearske klearuskloft
en keppel ûnder driging fan de hel,
de tongerpreek hat it bejûn,
men sjocht der smeulsk op del.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum