Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Donker shirt

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2003

Image

Se drage ’t skip op hannen,
de supporters fan de Pan,
elke Snitser wit derfan,
it binne sterke mannen.

Dus wolle sy it drage:
’t nije shirt, it sprekt derfan
dat hiel Snits is yn de ban
fan mannen sûnder fragen.

Hoe komt it… wurdt net frege,
want sy komme derfoar op
dat de Pan sylt faak op kop,
oars wurdt de romp ferhege.

De skouders dus nei boppen
en ek breder troch it shirt,
wa’t net útset, is in nerd,
mar wêrom soe men roppe…

… as ien man fan dy trije
hjoed de dei der net mear is*,
want gjin libbensjier is wis,
hy mocht it shirt wol lije.

* In memoriam Alfred Pietersma

admin

Eldert Meeter

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2003

Image

De tonge stekt in stikje út ‘e mûle,
want it komt der hjoed op oan,
kontrôle by syn skûtsjekop:
in streekje foar… wat út it krop?
Hy rekket fuort net op ‘e doele.

Lit Eldert Meeter en syn skûtsje rinne,
’t komt net op in streekje oan,
hy hat it silen yn de kop
en stribbet smachtsjend nei de top
salang’t syn lea it rêde kinne.

Hy makket stiel en seil sels mei syn soannen,
wat gjin skipper yn him hat,
draait seil en fok mei stiel heech op,
net heech hat hy it eigen krop,
de top wurdt helle mei mear hannen.

Lit Eldert op it eigen skûtsje sile
oant er wurdt dé kampioen,
dan roppe trije soannen: ‘Stop,
it nije skipperslaach stiet op,
do meist mei stiel en seilen piele.’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum