Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Trochmidden

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2004

Image

It lytste skûtsje fan de float, ferhip,
wa hie soks yn ’t ferline tocht?
De Lemsters hiene ’t wol op mjitte kocht,
hawar, trochmidden mar dat skip!

Watsei, ferline jier al nûmer twa
mei ’t koarte skip dat fleanend rûn?
Dan wol De Lemmer no it heechste ha:
trochmidden en dan kampioen!

Wolno, al fyftjin jier gjin kampioen,
dêr kin it Lemster skip net oer,
de earste priis wurdt troch de bêste wûn,
trochmidden dus, tink om it roer!

Jawis, it is foar ’t skip in hiele hap:
seis fjouwerkante meter doek
derby, it wurdt perfoarst in djoere grap,
mar wit, de Lemsters hâlde hoek!

admin

Boppe seil en ûnder túch

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2004

Image

Se sitte dagen boppe ’t seil
te stekken troch it swiere doek,
wat bart noch mei de hannen,
masinaal is gjin gebrûk…
se lizze nachts djip ûnder seil.

It lean is neffens cao,
dêr boppe-út stekt fier de priis
fan fjirtjintûzen euro,
eksklusyf de earste priis,
komt dy der net, dan is it ho.

Se showe breedút brún en wyt
as wie it foar de admiraal,
de baas fan alle tugen…
skippers ha in oar ferhaal:
gjin priis, dan klinkt in skerp ferwyt.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum