Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Giel gefaar

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy hat de dykreis makke
op en achter rubber oan,
noch lang net yn syn elemint,
’t gefoel wie frjemd, noch sterker naar,
sa ridend op syn stielen troan
koe hy gjin baren pakke.

Doe lieten sy him glide
fan it stiel op wêr’t er foar
ornearre is, syn elemint,
’t gefoel waard heger op ‘e baar
fan ’t kapitale sleepskip, mar
wie ’t better as earst ride?

Image

Hy hat him slepe litten
oant syn elemint, de mar,
gjin baar kaam op him oer as frjemd;
hy stie bekend as giel gefaar,
neat wie him yn de striid te bar,
dat ha de silers witten!

Image

admin

Slingers

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De Grienedyk, mar net allinnich grien,
it piipkrûd toait de dyk mei wyt,
in slinger troch it lege gea,
dat rekke hat it griene kwyt
troch ’t Snitser Waad as grûn en wetter ien.

De Grienedyk, de slinger foar de fint
dy’t jaget oer it racesirkwy
op ’t faaie libben oant de dea;
hy raast noch lûder as de krie,
mar sjocht ynienen hoe’t it piipkrûd rint.

De Grienedyk, mar net allinnich grien,
it blau komt op foar wat bloeit wyt,
dy slinger siket net om skea;
de racer rekket healwei kwyt
syn slinger op it racesirkwy fan stien.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum