Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Evolúsjemodellen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De ynfloed fan de evolúsje
lit him hjoed de dei noch sjen
yn ’t libben fan de fûgels,
want guon ha it bêst nei ’t sin,
mar oaren dochs net sa’n fidúsje.

Image

De kop ferskûle yn de fearren
en wat dreame op ien poat,
dat dogge de flamingo’s,
want gjinien komt yn dat oard
en sil har heal bestean bedjerre.

Dêr stiet yn hear en fear de reager
mei twa poaten op in peal
en skerp it each op auto’s,
yn de stêd kin it net heal,
dêr is it foar ’t bestean wat dreger.

Image

admin

Linshichte

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De loft is oeral like heech,
al is it foar it each faak ûngelyk,
ôfhinklik fan de eigen hichte:
leit de lins de kimen leech,
dan strielet blau en wyt as ’t himelryk.

Image

Karibysk blau jout troch it jier
de sinne romte en de minske sin
oan yn de djipte of de hichte,
oars mei wite skippen fier
de see op, nei Atlantis as it kin.

As wolken driuwe boppe ’t gea
fan feale greiden en it grauwe wiet,
dan moat men sels de hichte sykje
mei it wyt fan seilen, nea
lit men de lins lykas er dêr sa stiet.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum